NAVIGAASJE

Hiemside

Doelstellings Boun
Bounsbestjoer
Bounsberjochten
Algemiene Gearkomste mei it Lyts Ambyld
Kaderdagen / -wykeinen
Eveneminten yn Fryslân
Boun en Selskip 1844
Mingd Nijs fan it Boun
Spyllist STAF
It Frysk Amateur Toaniel
Frysk Toaniel
Kriten

Links oare organisaasjes
Eareleden fan it Boun

Ynformaasjemap
Kritekrantsjes fan de Fryske kriten

Weblog Frysk Boun
It Fryske Folksliet
Fryslân yn eardere tiden
Skiednis fan it Boun
Redaksje fan it webstek

 

 

 

 

FRYSKE KRITEN

Krite Apeldoarn
Krite Arnhim
Krite Assen
Krite Beverwijk
Krite Boadegraven
Krite De Haach
Krite Haarlim
Krite Hilversum
Krite Hoarn
Krite Hurderwyk
Krite Lelystêd
Krite Meppel
Krite Seist
Krite SúdEastDrinte
Krite Swol
Krite Utert
Krite Wageningen
Krite Twente

Skriuwers Kriten
Emailadressen skriuwers
Sintrale Boekeferkeap

Net-oansluten FRYSKE KRITEN

Krite De Helder
Krite Roan

Emigraasjeblêden

De Krant
De Nederlandse Krant

SKIEDNIS FAN IT BOUN

YN ‘E FRJEMDTE
(to Hilversum skreaun)

Lit my wer mids de swietrook amje,
Dy geurich oer dyn miedlân driuwt,
As iere moarn it ljurkeliet
Der triljend út omhegens kliuwt.

Lit my wer 't sêfte koeltsje fiele
Dat streakjend oer de stânnen giet,
Hwer nolke rêst en frede wenje,
Hwer't men de deist'ge soarch forjit.

Lit my wer dreamforgetten stoarje
Dyn wide, flakke fjilden oer,
As troch de skimer sjongsum bingelt
lt jounsliet út in fiere toer.

Lit my wer tsjûgje fan de wille
As al hwat jong en Fries is skrept,
As ûnder snie dyn greiden rêste,
As ûnder 't iis dyn wetter sljept.

Lit my de âlde spraek wer hearre,
Swietlûdiger wurdt nearne foun,
De klanken út myn bernejierren
Fan Fryslân, fan myn bertegroun!

Út FRYSKE FOLKSDICHTERS, wurk fan Sjoerd Meinesz

 

 

'Friezen yn 'e Frjemdte'

Op freedtemiddei 30 septimber 2011 fan 14.30 oant 17.00 oere binne de earste eksimplaren fan it boek “Friezen yn ‘e Frjemdte” oanbean oan deputearre Jannewietske de Vries en Rients Gratema yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert. Hjir binne de foto's makke troch Jan Bosgraaf.

It Boek is ek oan de Keninginne stjoerd. It bestjoer krige in brief fan de Algemien Skriuwer fan Har Majesteit de Keninginne.

It boek 'Friezen yn 'e Frjemdte' is foar € 75,= te keap by de skriuwer fan it Boun.

Beskriuwing fan it boek

(fan webstek Elixer boekhannel)

It nei 1850 ôfnimmen fan de wurkgelegenheid yn de lânbou, de yndustrialisaasje yn oare streken en mear oarsaken hawwe der foar soarge dat Fryslân yn de 19e en 20e ieu in protte ynwenners kwytrekke.
Oeral wei binne wol minsken yn ’e frjemdte bedarre, yn in oare omjouwing as dêr’t se opgroeid binne. Wat it bysûndere is fan de Friezen, is dat se wol út Fryslân weigean, mar dat Fryslân net út harren weigiet. De eigen taal, de eigen kultuer en de eigen identiteit sitte der blykber hiel djip yn. Dat sprekt ekstra oan as hja âlder wurde en sjogge dat it libben ferrint.
It ferlitten fan it eigen wenplak, faak út bittere needsaak, wie yn earder tiid foar de measten folle yngripender as no. Oare omstannichheden en opfettings sille ek yn dit boek nei foaren komme en dat blykt faak tige nijsgjirrich te wêzen.
Feroarings fan omjouwing, wurk en mentaliteit soargen foar in soad ûnwennigens. Mei dêrtroch kaam it, dat Friezen oer de hiele wrâld inoar opsochten en mear as 200 kriten om utens oprjochten. Wat der yn Fryslân barde, waard dêr meastentiids goed folge en ek foar Fryslân hienen kriten en bûtenfriezen betsjutting. Al dy kriten, ek yn de lytste plakken, hienen har eigen toanielploegen, sjongkoaren, keatsklubs, geselligens en freonskip. Yn de no noch besteande kriten is dat net oars.

It boppesteande hat mei oanlieding west foar it beslút fan it bestjoer fan It Frysk Boun om Utens om dit boek út te bringen oer de Friezen om utens. It boek beheint him ta in skiednis fan de Friezen om utens yn organisearre ferbân. Der wurdt, troch de tiid hinne, in byld jûn fan hoe’t it om en ta gie yn de kriten, de selskippen, harren klubs en fan by dy organisaasjes belutsen minsken.
It boek giet fansels ek oer de skiednis fan It Frysk Boun om Utens, oer it âlde Boun (1905-1918) en it hjoeddeiske Boun (1923 oant no) en oer har krewearjen om de selskippen en kriten yn in lanlike oerkoepeling gear te bringen en fan dêrútwei te stypjen.
De sintrale doelstelling fan It Boun hat nammentlik altyd west in bân te lizzen tusken de Friezen bûten Fryslân en by harren it Fryske folkskarakter yn al syn uterings, benammen yn de taal, te bewarjen en te befoarderjen.
Yn in tiid fan grutte feroarings en foaral ek yn in tiid fan it tebekrinnen fan it tal Fryske kriten en harren ledetallen, hat it bestjoer fan It Boun miend om dat stikje dochs wol bysûndere histoarje foar it neiteam fêst te lizzen.

Formaat 220x305
Oantal siden 770
Levertiid 2 werkdagen
Skriuwer Hâns J. Weijer (einredaksje)

 

Eftergrûn en doelstelling

fan it boek oer de skiednis fan Friezen yn 'e Frjemdte

Al sûnt ieuwen binne der ynwenners fan Fryslân nei kontrijen bûten de provinsje tein. Somtiids wie it tydlik om te studearjen of om mear fan de wrâld te sjen. Mar faak wie it ek út klinkkleare needsaak omdat der yn Fryslân te min emploai wie.
Friezen fine we oeral yn Nederlân en sels yn it bûtenlân. Fryske kriten binne der oprjochte yn ferskate plakken, oant sels yn Amearika, Kanada , Austraalje, Nij Seelân, ensfh. ta. Sommige kriten besteane al mear as hûndert jier en oaren binne al lang opheft.
It is dochs hiel bysûnder hoe’t yn de rin fan al dy jierren de Fryske kriten bestean koene en faak bestean bleaunen. It krewearjen fan al dy krite- en bestjoersleden dy't jûnen op stap wiene om gearkomsten te organisearjen, sjongkoaren op te rjochtsjen, toaniel te spyljen, in dûnsploech boppe wetter te hâlden of in partij te keatsen, ensfh. sprekt bjusterbaarlik ta de ferbylding. It oantal Fryske kriten is op dit stuit yn ús lân noch sa'n tritich en it sil wol werom rinne troch alle feroarings yn de maatskippij. Dochs bliuwt it in grut mystearje hoe't it mooglik is dat de Fryske taal en kultuer ek bûten Fryslân yn stân hâlden binne.
It Frysk Boun om Utens bestiet mei in ûnderbrekking fan in pear jier likernôch hûndert jier. It bestjoer hat de útdaging oannaam om de skiednis fan de kriten en It Boun op skrift te stellen. Fan de measte kriten is safolle te fertellen dat it ûnmooglik wie om alles op te nimmen. Wy moasten folstean mei in fraksje, mar faak hawwe se yn de rin fan de tiid sels al in tinkboek  útjûn.
Fan guon kriten is sawat neat mear te efterheljen. De leden binne al lang ferstoarn en in argyf wie net te finen.
Nei alle gedachten hat de opmerklikste organisaasje fan Friezen west yn it gizelderskamp te St. Michielsgestel yn 1943. In 20 Friezen waarden dêr finzen hâlden.Yn it hert fan 'e Twadde Wrâldkriich rjochten hja in krite op en waarden lid fan It Boun. De Bûnsskriuwer fan doe, R. Feenstra hat soarge, dat harren fan alles tastjoerd waard sa as boeken, kranten, itensspul, D.E.-tabak, ensfh.
Foar tûzenen Friezen om utens hawwe de kriten in soarte fan skûlplak west yn minne tiden, fier fan hûs.
It wurk dat yn de rin fan al dy jierren yn de kriten ferset is, kin mei gjin pinne beskreaun wurde..
It bestjoer fan It Frysk Boun om Utens wol mei dit boek hulde bringe oan al dy minsken dy 't harren ynset hawwe om ek bûten de grinzen fan de provinsje Fryslân de Fryske taal en kultuer yn stân te hâlden en dy noch altyd yn stân hâlde. 

 

Yn it Nederlâns:

Over het boek:
Het na 1850 teruglopen van de werkgelegenheid in de landbouw, de industrialisatie in andere regio’s en andere oorzaken hebbenederlânkad.jpgn er toe geleid dat Fryslân in de 19de en 20ste eeuw veel inwoners heeft verloren.
Trouwens overal vandaan zijn mensen ‘in den vreemde’ terecht gekomen, in een andere omgeving dan waar ze opgegroeid zijn. Maar het bijzondere van Friezen is, dat ze wel uit Fryslân weggaan, maar Fryslân niet uit hen!  De eigen taal, de eigen kultuur en de eigen identiteit zitten blijkbaar wel erg diep. Het een en ander heeft geleid tot de oprichting van ruim 230 kriten (verenigingen), waarvan ongeveer 200 in Nederland. Het kaartje laat zien waar in Nederland een of meer kriten zijn opgericht. De nu nog bestaande kriten zijn met een open rondje aangegeven.
Het betrof kriten van verschillende signatuur, vaak zelfs in een en dezelfde plaats; bijvoorbeeld een krite van het Kristlik Frysk Selskip, het Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse, It Frysk Boun om Utens en/of van de Jongfryske Mienskip.
Die kriten hadden vaak een eigen toneelgroep, koor enz.  Om nu het bovenstaande vast te leggen heeft het bestuur van It Frysk Boun om Utens besloten dit boek uit te brengen. Het boek beperkt zich tot een geschiedenis van Friezen buiten Fryslân in meer georganiseerd verband. Het laat een beeld zien van het doen en laten van de kriten, haar afdelingen en van de daarbij betrokken mensen.
Uiteraard ook van het wel en wee van It Frysk Boun om Utens (1905 - 1918 en 1923 - nu). 

Hjir binne de foto's fan Jan Bosgraaf fan de presintaasje fan it boek - yn Ljouwert en - yn Nunspeet

 

 

 

 


 

 


Grutte kaart fan Fryslân