Yn 2011 kaam it boek ‘Friezen yn ‘e Frjemdte’ út. In skiednis fan Friezen om utens oer de hiele wrâld. Jierren fan ûndersyk wie dêroan foarôf gien. Hâns Weijer, yn dy jierren skriuwer fan it Frysk Boun om Utens, frege fia in redaksjoneel artikel yn ‘De Krant’ om ynformaasje oer Fryske kriten yn Kanada/USA. Foar it boek smiet dat neat op, mar de útjouwer fan ‘De Krant’ frege oft Hâns immen wist, dy’t alle moannen in Frysktalige kolumn skriuwe woe. Dy hoegde net fier te sykjen. Fan maaie 2009 o/m desimber 2012 hat Hâns syn ‘Stikjes’ skreaun. En fan jannewaris 2013 ôf skriuwt Jan Bosgraaf, foarsitter fan it Frysk Selskip Swol, eltse moanne in stikje, dêr’t er sa no en dan út Kanada of Amerika wei hiel aardige reaksjes op kriget.
Oant 1 july 2018 ta waard der, neist ‘De Krant’, yn Noord-Amerika noch in Nederlânsktalige krante útjûn; ‘De Nederlandse Courant’. Fan 1 july 2018 ôf geane beide kranten fierder as ‘Maandblad de Krant incorporating De Nederlandse Courant’. Dizze ferskynt 10 x yn ’t jier. De moannen july/augustus en desimber/jannewaris wurde gearfoege.
In pear jier lyn hat Tom Bijvoet, de útjouwer fan ‘De Krant’, in ûndersiik hâlden oer de ynhâld fan ‘De Krant’.
Sitaat: “Verder vroegen diverse lezers of we de Friese column van Jan Bosgraaf niet kunnen vertalen. Dat kunnen we natuurlijk wel, maar dan staat er voor de lezers die het Fries beheersen twee keer hetzelfde in ‘De Krant’, dat is jammer. Een kwart pagina per maand, dat is minder dan 1% van de inhoud van ‘De Krant’, geven we in het geheel over aan de ‘Tweede Rijkstaal’. Exclusief. Als minderheidstaal heb je toch al een streepje tegen, dus deze geste gunnen we de Friestaligen. Die moeten immers de resterende 99% van ‘De Krant’ in een voor hen tweede taal lezen.”
En sa is’t mar krekt. Lit de Hollanners mar 1% Frysk besykje te lêzen, want de Friezen moatte al 99% Hollânsk lêze.
Bysûnderheden:
Tom Bijvoet – publishing editor
Bas Opdenkelder – community affairs and – reporting
Mokeham Publishing is the publisher of:
DUTCH, the magazine
www.facebook.com/dutchthemag
Maandblad de Krant
www.dekrant.biz en www.facebook.com/dekrant
The Dutch in Wartime, Survivors Remember book series www.facebook.com/dutchinwar
www.dutchreadz.com
Member of the NATIONAL ETHNIC PRESS AND MEDIA COUNCIL OF CANADA
|