NAVIGAASJE

Hiemside

Doelstellings Boun
Bounsbestjoer
Bounsberjochten
Mingd Nijs fan it Boun
Eareleden fan it Boun
Boun en Selskip 1844

Algemiene Gearkomste mei it Ambyld

Moetings- / Ynspiraasjedei

Spyllist STAF
It Frysk Amateur Toaniel
Frysk Toaniel

Links oare organisaasjes
Eveneminten yn Fryslân

Ynformaasjemap
Weblog Frysk Boun
It Fryske Folksliet
Fryslân yn eardere tiden
Skiednis fan it Boun
Redaksje fan it webstek
Boekeferkeap / Lêsrûnten
Sjongkoaren

 

 

 

 

FRYSKE KRITEN

Krite Apeldoarn
Krite Assen
Krite Boadegraven
Krite Hilversum
Krite Hoarn
Krite Hurderwyk
Krite Lelystêd
Krite Meppel
Krite Utert-Seist
Krite SúdEastDrinte
Krite Swol
Krite Twente
Skriuwers Kriten

--------------------------

Kritekrantsjes en kritejûnen.

Kritekrantsjes fan de Fryske kriten
Kritejûnen alle kriten

---------------------------

Net-oansluten FRYSKE KRITEN

Krite Roan

Emigraasjeblêden

De Krant

ALGEMIENE GEARKOMSTEN -- AMBYLD


2024

De AG en de Moetings en Ynspiraasjemiddei wurdt yn 2024 holden op

sneon 16 maart. Gastkrite: krite 'Waling Dykstra' fan Meppel.

It wurdt hâlden yn : Doarpshûs De Schalle,

Nieuweweg 27, 7948 AA Nijeveen - 0522 491 422


2023

De Algemiene Gearkomste en de Moetings- en Ynspiraasjedei is op 25 maart holden yn Lelystêd en de Sékrite fan Flevolân wie de gastkrite.

De gearkomste waard holden by BOERKOK.

10.00 – 10.30 oere Ynrin mei kofje en oranjekoeke
10.30 – 12.30 oere Algemiene Gearkomste - Ambyld 52
12.30 – 13.15 oere Lunsj € 17,50
13.15 – 14.45 oere Moetings- en Ynspiraasjemiddei mei gastsprekker Peter Tuinman
15.15 – 17.30 oere Kabaret en musyk mei ADYRF
18.00 oere Ein fan de dei.
18:15 oere Nei ôfrin kin elkenien dy't dat wol, ite by BoerKok. kosten foar 2-gongen waarm iten € 29,50

Hjir ûnder kinne jimme de foto's besjen.

Der binne 25 maart fansels wer in protte foto's nommen. De oanwêzigen hawwe oanjûn der gjin beswier tsjin te hawwen om fan harren foto's te meitsjes en dy op de webside te setten.

De foto's fan de AG, de Moetings- en Ynspiraasjemiddei en it diner by Boerkok binne hjir te sjen.

De foto's fan it optreden fan ADYRF binnne hjir te sjen.

 

2022

De AG en de Moetings en Ynspiraasjemiddei is yn 2022 holden op

sneon 26 maart.

Gastkrite wie krite Boadegraven. Dizze krite hie 75 jier bestien.

PLAK: Zalencentrum 'De Brug', Dunantlaan 1, 2011 CA Reeuwijk, tel. 0182-392882

De foto's fan dizze dei binne hjir te sjen

De dei seach der út as hjir ûnder:

10.00 – 10.30 oere Ynrin mei kofje en oranjekoeke
10.30 – 12.30 oere Algemiene Gearkomste
12.30 – 13.15 oere Lunsj
13.15 – 14.45 oere Moetings- en Ynspiraasjemiddei mei gastsprekker Lystbeth Jongbloed: Underwerpen: har ôfstudearûndersyk oer it Frysk yn 'social media', har (eardere) ûndersyk nei Friezen om utens en/of ûnderwerpen út it taalbelied fan de provinsje Fryslân. Hja tinkt ek oan it ôfwikseljen fan presintearjen en diskusje/yn petear gean mei de seal. 
14.45 – 15.10 oere skoft
15:10 - 15.30 oere 75-jierrich jubileum krite Boadegraven mei in trijetal sprekkers
15.30 – 17.30 oere Kabaret: Acta Theater fan Klaes Westra - Klaes (Klaas Egberts) Westra wie kabaretier, sjonger en toanielspiler. Hy makke furore yn'e jierren '50 en '60 fan'e foarige ieu mei syn Selskip Klaes Westra. Feitelijk wie hy kreatyf ûndernimmer avant la lettre. Hy besocht op alle mooglike manieren in ynkommen te sammeljen as artyst. Sa gie er mei syn broer by brulloften en feesten del om te spyljen op'e akkordeon en drums om de sfear der yn te bringen. Mar ek as kabaretier wie er verneamd. Hy makke bygelyks kabaret 'op maat' sa as wy dat no neame. Spesjaal foar jubilarissen en breidspearen skreau hy teksten en ferskes, tasnien op'e persoan. Klaes Westra ferstoar op 21 juni 1996 te Ljouwert. Hy hat hast altyd bestean kinnen fan syn wurk als akteur, kabaretier en tekstskriuwer. Dat alles wie syn lust en syn libben!
18.00 oere Ein fan de dei.
18:30 oere Nei ôfrin koe elkenien dy't dat woe, Sjineesite - dit is gesoarge yn it Sealesintrum.

2021

De AG en de Moetings en Ynspiraasjemiddei binne holden op

sneon 9 oktober 2021 yn de Reinbôgetsjerke yn Hurderwyk.

De Fryske krite “Meiinoar Ien” fan Hurderwyk wie de gast-krite.

Hjir kinne jimme de foto's fan dizze dei besjen.

It programma foar dy dei seach der sa út:

10.00 – 10.30 oere Ynrin mei kofje en oranjekoeke
10.30 – 12.00 oere Algemiene Gearkomste - hjir is It AMBYLD 50 del te laden
12.00 – 13.00 oere Lunsj
13.00 – 14.30 oere Moetings- en Ynspiraasjemiddei mei gastsprekker Lutz Jacobi, direkteur fan de Waddenferiening
14.30 – 15.00 oere skoft
15.00 – 17.00 oere Teaterfoarstelling ‘Myn Skip’ – foar sawol gasten as de krite-leden fan Hurderwyk
17.30 oere Ein fan de dei.

 


2020

De AG fan 2020 is net mei inoar yn in seal holden fanwege de koroanakrisis,

mar is fia de digitale wei ta stân kaam.

Ambyld 49 fan de 96e dig. AG


2019

Sjoch hjir foar it AMBYLD 48

Op 30 maart 2019 is de 95e Algemiene Gearkomste hâlden by de krite Swol.

De krite Swol hie 120 jier bestien en is ien fan de âldste kriten fan ús lân!!

Dit barren wie yn Grand Café Restaurant Urbana, Wipstrikkerallee 213, 8025 AH Zwolle

De wurklist fan de middei seach der as ûndersteand út:
13:00 - 13.30 Ynrin - elke dielnimmer kriget fan it Boun 2 muntsjes foar drankjes.
13.45 - 14.30 Algemiene Gearkomste diel 1
14:30 - 14:45 Skoft
14:45 - 15:30 Algemiene Gearkomste diel 2
15.30 - 16.00 Skoft
16.00 - 17.00 Lêzing fan Jan Bosgraaf oer syn wurk as ‘babs’.
20:00 oere Jûnprogramma fersoarge troch Selskip Swol

Fan 19.00 oere ôf wie de ynrin foar de eigen jûn fan Swol. Dêr wie Bennie Huisman mei syn nije programma: ‘De lange reis nei Berlyn’ -

sjoch hjir foar de foto's


2018

Algemiene Gearkomste en Friezedei (It Frysk Boun bestie 95 jier) wie fanwege Ljouwert Europeeske Haadstêd 2018, yn it Provinsjehûs yn Ljouwert !!

Dat wie op 14 april 2018.

Sjoch hjir foar it ferslach fan de AG

(Ferslach is konsept - moat noch op de AG fan 2019 goedkard wurde troch de leden)

Sjoch hjir foar it Ambyld

Sjoch de spesjale side fan de Friezedei


Kees van der Beek, Beemdweg 29, 3852 XC  ERMELO
tel. 0341 - 559343 -- mob. 06 - 39877465
e-mail: skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.nl