NAVIGAASJE

Hiemside

Doelstellings Boun
Bounsbestjoer
Bounsberjochten
Mingd Nijs fan it Boun
Eareleden fan it Boun
Boun en Selskip 1844

Algemiene Gearkomste mei it Ambyld

Moetings- / Ynspiraasjedei

Spyllist STAF
It Frysk Amateur Toaniel
Frysk Toaniel

Links oare organisaasjes
Eveneminten yn Fryslân

Ynformaasjemap
Weblog Frysk Boun
It Fryske Folksliet
Fryslân yn eardere tiden
Skiednis fan it Boun
Redaksje fan it webstek
Boekeferkeap / Lêsrûnten
Sjongkoaren

 

 

 

 

FRYSKE KRITEN

Krite Apeldoarn
Krite Assen
Krite Boadegraven
Krite Hilversum
Krite Hoarn
Krite Hurderwyk
Krite Lelystêd
Krite Meppel
Krite Utert-Seist
Krite SúdEastDrinte
Krite Swol
Krite Twente
Skriuwers Kriten

--------------------------

Kritekrantsjes en kritejûnen.

Kritekrantsjes fan de Fryske kriten
Kritejûnen alle kriten

---------------------------

Net-oansluten FRYSKE KRITEN

Krite Roan

Emigraasjeblêden

De Krant

KRITE FLEVOLÂN
De Sékrite

meidielingeblêden

 

 

 

 

Oprjochting fan “de Sékrite”, Fryske Krite fan Flevolân út Lelystêd
en omjouwing op 25 novimber 1971.

 

It idee om in Fryske Krite yn’e nije polder op te rjochtsjen, ûntstie yn oktober 1971. De earste ynwenners fan Lelystêd wiene hiel tafallich Friezen, de fam. Sytsma. Doe’t efkes letter de fam. Schiere yn Lelystêd kaam te wenjen (dy’t al lid wiene fan de fryske krite yn Kampen), waarden hja it al gauwêftich iens, dat der yn Lelystêd ek in krite komme moast. Mei noch in pear oare friezen binne hja doe begûn om by de doarren lâns te gean, om mear minsken dêr waarm foar te krijen. Inkele fan dizze minsken wurken op it gemeentehûs  en wiene sadwaande yn’e gelegenheid, om de listen mei nije ynwenners troch te sjen. As dêr dan in namme by wie, wêr’t hja út opmeitsje koene dat it in Fries wie, dan gyngen hja dêr op ôf. Jûnen en jûnen binne hja sa op paad wêst.

Om’t Lelystêd in nije stêd wie, kaam it gau’ris foar, dat hja mei trije minsken foar de selde doar stiene. Ien foar de fryske krite, ien foar de bank (meastal mei in blomke, dy hiene it measte jild) en ien fan de begraffenisferiening. Alles moast hjir doe noch fan’e grûn komme.Ek de agint fan de Ljouwerter krante en it Frysk deiblêd en de man de SRV wein hawwe hiel wat nije leden oanbrocht. Op 25 novimber wie dan de oprjochtingsfergadering yn “de Meerkoet”, it earste restaurant yn Lelystêd. Der wiene doe 34 minsken en de 1ste foarsitter waard Hindrik Schiere ( no noch altyd op ús kritejûnen as earelid). It duorre mar efkes, doe wiene der al 112 leden, werfan 12 wol toanielspylje woene en 22 woene wol meidwaan oan in skotsploech. De earste toanieljûn wie op freed 28 jannewaris 1972 yn’e Meerkoet. De toanielploech út Aldeboarn wie dêr mei it stik “De bekroande earsteling”. De krite hie doe 190 leden, werfan 140 op dy jûn oanwêzich wienen. De muzyk waard fersoarge troch in soan fan Sytsma, mei in bânrykorder. Ek doe wie der al in ferlotting ( 5 lotten foar Hfl. 1,= ).

Yn die tiid wie der ek faak in ferslachjouwer fan de krante, mei in fotograaf. Op 23 febrewaris 1973 spile ús eigen toanielploech foar it earst, it stik “Taaie Teie”. Op 12 maart 1974 koe it 300ste lid ynskreaun wurde. De leden kamen eartiids net allinne út de Flevopolder, mar ek út Urk en Elburg. It greatste oantal leden fan ús krite hat 370 west ( 29 novimber 1975). Wat in ferskil by no, noch mar 160 leden. Op kritejûnen waarden dan de tafels út de seal wei helle, oars koene de minsken der net yn. It sjongkoar waard oprjochte op 8 febrewaris 1976 en de skotsploech op 25 febrewaris.

Spitichgenôch is de skotsploech al wer opdûkt en ek ús toanielploech kampte mei in tekoart oan spylders. Yn 1976 waard troch eigen leden in kabaret opfierd en yn letter jierren  noch 3 kear. Wy hoopje dat wy dit oantal leden fan no hânhâlde kinne en dat it sjongkoar bestean bliuwe kin.

 


Bestjoer fan de krite:

Foarsitter:

Jan Bijkerk - sekrite@janbijkerk.nl

Ponghâlder:

Jan Koopman - jan@zwanenwater.nl

Skriuwer:

Luit Dijk - luit.dijk@kpnmail.nl

lid

Jantsje Meijer - jantsje-meijer@live.nl

lid

Annie Noppers - annie_evenhuis@hotmail.com

lid

Yvonne Nederpel - ycm.nederpel@gmail.com

It sjongkoar oefent op woansdeitejûn om 20 oere yn de OBS "De Windroos" oan it Karveel 22-28 yn Lelystêd

KRITEJUNEN

Program winterskoft kriten 2023-2024

 

De foto's fan de Nijjiersbesite fan 14 jannewaris 2023 binne HJIR te sjen

De foto's fan it optreden fan Adri de Boer, de Fryske troubadoer,

op 18 novimber 2023, binne HJIR te sjen

De foto's fan it optreden fan Teatergroep FJOER mei 'Alles went ....?'

binne fia DIZZE LINK te sjen.


MEIDIELINGEBLÊDEN:

Meidielingeblêd april 2024

Meidielingeblêd febrewaris 2024

Meidielingeblêd jannewaris 2024

Meidielingeblêd desimber 2023

Meidielingeblêd novimber 2023

Meidielingeblêd septimber 2023

Meidielingeblêd april 2023 mei opjefte Jubileum FBoU

Meidielingeblêd maart 2023

Meidielingeblêd jannewaris 2023

Meidielingeblêd septimber 2022

JUBILEUM - krantsje april 2022

Meidielingeblêd maart 2022

Meidielingeblêd jannewaris 2022

Meidielingeblêd desimber 2021

Meidielingeblêd novimber 2021

Meidielingeblêd septimber 2021

Nijsbrief april 2021

Meidielingeblêd maart 2021

Meidielingeblêd jannewaris 2021

Nijsbrief desimber 2020

Meidielingeblêd novimber 2020

Meidielingeblêd septimber 2020

Meidielingeblêd maart 2020

 

Ek bringe wy 5 of 6 kear yn’t jier in krantsje út, mei wederwarichheden fan ús Krite.
It ledejild is € 25,= yn’t jier.
De tagong is foar leden € 12,50. Net-leden betelje € 17,50 de man/frou
Ek kinne jo stiper wurde foar € 15,= yn it jier, de tagong is dan € 12,50 de jûn.

 

Jan Bijkerk - E-Mail: sekrite@janbijkerk.nl