SELSKIP “MEI INOAR IEN” FOAR SEIST, UTERT EN OMKRITEN.
Fryske Krite “Mei-Inoar Ien” is ûntstien út de kriten Seist, oprjochte op 20 desimber 1928, en Utert.
Wat is de doelstelling fan ús krite foar Seist en omkriten?
-
It fersterkjen fan de bân foar dyjingen dy’t op de ien of oare wize konneksjes hawwe mei Fryslân of mei it Frysk, bygelyks trochdat se der berne binne, Fryske famylje ha, de simmers graach yn Fryslân trochbringe of gewoanwei ynteresse hawwe yn de Fryske taal en har kultuer.
Fan septimber oant en mei april organisearret “Mei Inoar” toaniel- of kabaretfoarstellingen, of oare kulturele jûnen, mei bgl. muzyk of lêzingen. Op de jûnen binne fansels ek altyd Fryske boeken en oranjekoeken te keap.
Der is gearwurking mei Selskip “Fryslân” yn Utert op it mêd fan it útjaan fan it ynformaasjeblêd “De Kritekoer”, mei nijs fan de twa kriten en nijs út Fryslân.
De basiskontribúsje is € 15,= de man. Dêrfoar krijt men 6 kear ‘t jier "De Kritekoer".
Foar de aktiviteiten dy’t oanbean wurde, wurdt ynlis frege.
Lêsklup
Wa’t nocht oan lêzen hat èn om dêr mei elkoar de tinzen oer gean te litten, is fan herte wolkom op de lêsklup. Fjouwer kear yn ‘t jier komme de dielnimmers by elkoar. It is gesellich en ynspirearjend en in útdaging om ek ris oare Fryske boeken te lêzen. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Nora Koren yn Bilthoven, tel. 030 -2293865.
De Kritekoer
6 x ’t jier wurdt de Kritekoer – dy’t gearstald wurdt yn gearwurking mei Selskip Fryslân te Utert – nei de leden ferstjoerd. Yn it kriteblêd stiet it aktuele programma, ferslaggen fan wat west hat, ynstjoerde stikken, ensfh.
Foar neiere ynformaasje oer ús aktiviteiten:
Foarsitter: fakant - ynformaasje-adres: sjoch skriuwer
Skriuwer: Ida Knobbe-Kramer, Prins Bernhardstraat 24, 3981 BN Bunnik, tel. 030 – 656255
BESTJOER |
Foarsitter |
fakatuere |
Skriuwer/Lede-administraasje |
|
Ponghâlder |
Nieske Schurer, (nschurer@casema.nl);
Bank: NL75INGB0003486499 o.n.f SELSKIP MEI INOAR |
Algemien Adjunkt en 2de skriuwer |
|
Bestjoerslid |
|
Sosjale Kommisje |
|
PROGRAM GEARKOMSTEN
|