FIER fan HŪS - banner
achtergrond frysk

laatste wijziging aangebracht op : Woensdag, 23-Aug-2017

MEIDIELINGEN / NIJS fan de KRITE

Wolle jo wat kwyt, skriuw dat dan op de WEBLOG fan it BOUN

Binne jo al email-stiper fan it Frysk Boun? Noch nêt, gean dan nei it weblog fan it Boun!

MEIDIELINGEBLEDSJES fan FIER FAN HÛS

  • De kontribúsje is per 1 septimber 2012 € 8.50 d.p.

WAT WEST HAT

  • De foto's fan de de gearkomsten fan Krite Boadegraven binne hjir te sjen en del te laden

WAT NOCH KOMT:

Algemiene Gearkomste Boun, Friezedei en Moetings- en Ynspiraasjedei
dy't regele wurde troch It Frysk Boun om Utens

Sjoch hjir foar ynformaasje en it proramma fan ús winterskoft 2017 - 2018.

Algemiene Ledegearkomste mei bôle-iten
De jierlikse ledegearkomste is op sneon 7 oktober o.s. yn Rijngaarde,
Bodegraven en begjint om 16.00 oere. Earst komt natuerlik it riden en farren fan de krite oan ‘e oarder. Dernei is it wurd oan Baern Bilker, Boargemaster fan Kollumerlân. Hy wit in ynteressant ferhael te hâlden oer de Fryske Nassau’s.
Wy beslúte de gearkomste mei it bôle-iten.
Eltsenien tige wolkom. De kosten: € 12,50 d.p.
Oant 1 oktober opjaan by Tini Broere-Tiesinga: tel. 0172-615129 of e-mail: tinibroere@kpnmail.nl

Tusken Heimat en Heitelân
Op freed 24 novimber om 19.30 is Inez Timmer presint yn Rijngaarde om har Fryske programma te bringen. Pianobegelieder is Peter van der Zwaag.
Fryslân’s lêste diva en Lady Entertainer leit út wêrom de ienhoarn útstoarn is, hoe lekker it sjongt yn de lijte fan in ko en hoe moai it is yn it Lân fan Peasens-Moddergat. Hiene jo eartiids ek blokken
op ‘e trapers fan de fyts? En wêrom kin mânlju noait wat fine? Kom nei “Tusken Heimat en Heitelân’; Nei ôfrin binne jo wis wizer!
Mei Peter van der Zwaag oan de piano kinne jo yn elts gefal rekkenje op in Happy Ein.

Tagong:  € 15,00  (kofje/tee ynbegrepen.) d.p
Plak: Dienstencentrum Rijngaarde, Rijngaarde 1, Bodegraven.
Kaarten bestelle: Theo Schiere; tel. 0172-612 455 of per e-mail: z.schiere@kpnplanet.nl.
Kaarten ek oan ‘e seal te keap.

 

Nijjiersgearkomste mei snert
Moetingsdei fan Bestjoer en leden fan ús feriening “Fier fan Hûs” om te fûskjen en elkoar lok en seine yn it nije jier te winskjen mei in gleske wyn of sa fan ‘e ponghâlder.
Wy geane der fan út dat we de DVD “De Feteranen” no wol tot uze beskikking hawwe.
It bestjoer soargjet wêr foar snert mei roggebrea en spek!
Kosten alles ynbegrepen € 10,00 d.p.
Freark Smink en Joop Wittermans, twa Fryske aktearkanonnen mei humoristyske dialogen en oandwaanlik spul.
Douwe A. Wybena en Sibbele Flapper treffe elkoar elk jier wer by de betinking fan de Twadde Wrâldoarloch. As de mannen hieltyd mear wrakselje mei har ferline as soldaat yn Indië, reitsje sei de kontrôle oer harsels kwyt. Mar harren post sille se net ferlitte….
Te sjen op sneon 20 jannewaris 2018 fanôf 16.00 oere yn Dienstencentrum Rijngaarde, Rijngaarde 1, Bodegraven. Opjaan oant 13 jannewaris by
Tini Broere-Tiesinga, tel. 0172-615 129 of e-mail: tinibroere@kpnmail.nl.

 

It programma en de datum foar maart 2018 leit noch net fêst. Mear ynfo hjiroer komt letter.